Kompetysje omloop 9

We gongen wat letter as dat wy went binne los, mar wol yn in prachtich fjild. De fjildliskommisje wie drok dwaande om it fjild ree te meitsje foar it Teatsen. Dêrtroch koenen wy gebrûk meitsje fan dit perk mei fjild. Wer ris wat oars mei sa'n grut perk en in lyts fjild wêrtroch it mear op technyk en minder op rammen oankomt.

Doe't ik de nammen op papier sette wie ik der samar út wa tsjin wa keatse moast. Mar doe't de partoeren nei it fjild rûnen kaam er by my dochs wat twivel oer de ferhâldingen. Sa hie ik Debby en Martin tsjin Hidde (jawol alwer in Jonker op it fjild) en Halbe wer fan ik tocht: 'die kreften binne net hielendal goed ferdield, mar foar't ik it wist hiene Martin en Debby trije earsten oan de telegraaf.' Spitigernôch binne se net fierder kaam want Halbe en Hidde kamen op stoom en gongen er op en er over en wûnen mei fiif om 'e trije. Yn it oare fjild wiene Jouke W, Reinder en Remmelt tsjin Wisse en Jouke B oan it keatsen. Ik tocht noch: 'twa tsjin trije kin dat wol?' Mar de twa hiene gjin muoite mei dy trije en rollen se op mei 5 om 'e 1. De útslach: Hidde en Halbe -> Martin en Debby 5-3/6-2 Wisse en Jouke B -> Reinder, Remmelt en Jouke W 5-1/6-6

Geplaatst op 10 July 2015